Wynstreek

From Wikipedia, the free encyclopedia

Wynstreek
Remove ads

In wynstreek, wynrjochting, kompasstreek of himelstreek is in rjochtingsoantsjutting dy't brûkt wurdt yn it ramt fan 'e navigaasje en de plakbepaling (mei lingte- en breedtegraden). Der binne 4 haadwynstreken (ek wol kardinale rjochtings neamd), ntl.: it noarden (n.), it easten (e.), it suden (s.) en it westen (w.). Dêrby moat men yn 'e rekken hâlde dat by it by it oantsjutten fan 'e wynrjochting om in beweging giet. In westewyn is sadwaande in wyn dy't út it westen wei nei it easten ta blaast. Itselde jildt foar streamings yn 'e atmosfear (fan bgl. in hegedrukgebiet of in reinsteuring).

Thumb
In kompasroas mei kardinale, ynterkardinale en sekundêre ynterkardinale wynstreken oanjûn.

Njonken de haadwynstreken binne der 4 tuskenlizzende wynstreken (ek wol ynterkardinale of ordinale rjochtings), ntl.: it noardeasten (n.e.), dat de midden hâldt tusken it noarden en it easten; it súdeasten (s.e.), dat tusken it easten en it suden yn leit; it súdwesten (s.w.), tusken it suden en it westen yn; en noardwesten (n.w.), tusken it westen en it noarden yn. Dêropta binne der 8 sekundêre ynterkardinale rjochtings: it noardnoardeasten (n.n.e.), it eastnoardeasten (e.n.e.), it eastsúdeasten (e.s.e), it súdsúdeasten (s.s.e), it súdsúdwesten (s.s.w.), it westsúdwesten (w.s.w.), it westnoardwesten (w.n.w.) en it noardnoardwesten (n.n.w.). Ta einbeslút binne der dan noch 16 tertiêre ynterkardinale rjochtings, begjinnend mei noard beëasten (n.n.n.e.), noardeast benoarden (e.n.n.e), noardeast beëasten (n.e.n.e.), east benoarden (e.e.n.e.), ensfh. Yn totaal komt men op dy manear op 32 beneambere wynrjochtings.

Mear ynformaasje graden, ôfkoarting ...
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads