Rykspartijdei
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Rykspartijdei (Dútsk: Reichsparteitag) wie in gearkomste fan de Dútske nazy-partij NSDAP dy't faak ienris yn 't jier holden waard yn de jierren 1923 oant en mei 1938. Ynearsten wiene dat gearkomsten fan ien dei lang, letter waarden der mear dagen foar útlutsen. De gearkomsten waarden brûkt as propaganda, benammen sûnt Hitler oan de macht kaam yn 1933. Der binne ferskate films makke fan de Rykspartijdei, bygelyks de films fan Leni Riefenstahl lykas Triumph des Willens en Der Sieg des Glaubens. De gearkomsten fûnen almeast plak op de Reichsparteigelände by Neurenberch.
De earste parijdei fûn plak yn München yn 1923. Trije jier letter wie de oare partijdei yn Weimar. Fan 1927 ôf wiene de partijdagen almeast yn Neurenberch holden. Dy stêd lei sintraal yn it Dútske Ryk, dêr't it Reichsparteigelände (ek wol Luitpoldhain) in gaadlik fjild wie foar grutte tallen minsken. Teffens wie it yn it gebiet Franken, dêr't de nazy-organisaasje goed regele wie.