Broek (lânskip)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In broek is in leech lizzend gebiet dat algeduerigen wiet is[1]. Dat kin troch sipe fan grûnwetter komme of troch in rivier dy't gauris oerstreamt en winterdeis it lân foar in skoft ûnderstrûpt.
Neffens lânskip kin in broek fariearje fan in stik sompich fean ta grutte uterwaarden mei klaaigrûn. In soad broeklân is net gaadlik foar lânbou om't se te wiet binne, mar guon kinne yn drûgere perioaden weide wurde.
In tige bewoeksen stik broeklân wurdt in broekwâld neamd. Wurdt dat bewurke, dan kin in grjint ûntstean. Dêr kinne tienen fan wylgen of oar taai opsjittend hout besnien wurde, dêr't meganisaasje hast net mooglik is om't reauwen yn de sodzige boaiem delsinke kinne.