Elektra (toanielstik fan Euripides)
(Euripides) / From Wikipedia, the free encyclopedia
Elektra, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἠλέκτρα, Ēlektra, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Euripides (±480-±406 f.Kr.), dy't him derfoar basearre op 'e myte oer Agamemnon, de kening fan Mysene (yn it stik fan Argos), dy't fermoarde waard troch syn frou Klytemnêstra en wrutsen troch syn bern Orestês en Elektra. Deselde ferhaalstof waard ek brûkt troch Sofoklês, yn dy syn lyknammige stik (Elektra), en troch Aiskylos yn syn trageedzje De Offerplingsters. It is net alhiel dúdlik wannear't Euripides syn Elektra skreau; dat moat yn 410-er jierren west hawwe, wierskynlik omtrint 413 f.Kr. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.
Fluch de feiten
Elektra | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ἠλέκτρα | |
auteur | Euripides | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±413 f.Kr. | |
1e opfiering | ±413 f.Kr., Atene | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Elektra | |
publikaasje | (net útjûn) | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Slute