Federico García Lorca
From Wikipedia, the free encyclopedia
Federico García Lorca (Spaanske útspraak: [feðeˈɾiko ɣarˈθi.a ˈlorka]; folút: Federico del Sagrado Corazón de Jesús García Lorca; Fuente Vaqueros, 5 juny 1898 – Viznar, 19 augustus 1936) wie in progressyf Spaansk toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur, dy't ynternasjonale erkenning krige as it boechbyld fan 'e Generaasje fan '27. As iepentlik homoseksueel en elitêre modernist mei loftse politike en maatskiplike ideeën stied er foar alles dat troch de reäksjonêre faksisten fan generaal Franco ferspijd waard. Oan it begjin fan 'e Spaanske Boargeroarloch, doe't er 38 jier wie, waard er as ûnderdiel fan 'e rjochtse terreur fermoarde troch de frankwisten. García Lorca wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e grutste dichters dy't Spanje ea fuortbrocht hat en ien fan 'e wichtichste fertsjintwurdigers fan 'e tweintichste-iuwske wrâldliteratuer. Syn wurken binne yn withoefolle talen oerset.
Federico García Lorca | ||
skriuwer | ||
Federico García Lorca yn 1932. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Federico del Sagrado Corazón de Jesús García Lorca | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
berne | 5 juny 1898 | |
berteplak | Fuente Vaqueros (Spanje) | |
stoarn | 19 augustus 1936 | |
stjerplak | Viznar (Spanje) | |
etnisiteit | Andalûsysk | |
wurk | ||
taal | Spaansk | |
sjenre | toaniel, poëzij, senario's, reisferhalen | |
perioade | Ynterbellum | |
streaming | modernisme | |
bekendste wurk(en) | Amor de Don Perlimpín con Belisa en Su Jardín Bodas de Sangre Yerma La Casa de Bernarda Alba | |
jierren aktyf | 1918 – 1936 | |
offisjele webside | ||
www.garcia-lorca.org |
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Federico del Sagrado Corazón de Jesús. De earste efternamme (fan heitekant) is García, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Lorca. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm García of oars García Lorca brûkt wurde.