My Big Fat Greek Wedding
film út 2002 fan Joel Zwick / From Wikipedia, the free encyclopedia
My Big Fat Greek Wedding is in ûnôfhinklik produsearre Amerikaansk-Kanadeeske romantyske komeedzje út 2002 ûnder rezjy fan Joel Zwick, mei yn 'e haadrollen Nia Vardalos, dy't ek it senario skreau, en John Corbett. De titel betsjut: "Myn Grutte Fette Grykske Brulloft". De film giet oer Toula Portokalos, in tritichjierrige frou út in Gryksk-Amerikaansk fermidden, mei in grutte, lûdroftige en bemuoisuchtige famylje, dy't fereale rekket op in protestantske Angelsaksysk-Amerikaanske man. De humor yn 'e plot hat foar in grut part te krijen mei de kultuerskok dy't folget as dy beide wrâlden yn botsing komme.
My Big Fat Greek Wedding | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joel Zwick | |
produsint | Gary Goetzman Tom Hanks Rita Wilson | |
senario | Nia Vardalos | |
kamerarezjy | Jeffrey Jur | |
muzyk | Alexander Janko Chris Wilson | |
filmstudio | Gold Circle Films HBO Films MPH Entertainment Playtone | |
distribúsje | IFC Films | |
spilers | ||
haadrollen | Nia Vardalos John Corbett | |
byrollen | Michael Constantine Lainie Kazan Andrea Martin Louis Mandylor Gia Carides | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Kanada | |
premiêre | 19 april 2002 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk (ek wat Gryksk) | |
spyltiid | 95 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $5 miljoen | |
opbringst | $368,7 miljoen | |
prizen | Satellite Award 2002 | |
filmsearje | ||
filmsearje | My Big Fat Greek Wedding | |
● folgjend diel | My Big Fat Greek Wedding 2 |
My Big Fat Greek Wedding krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in trochslaand súkses en de meast opbringende komeedzjefilm aller tiden. De film waard nominearre foar in Oscar foar it bêste senario. It súkses late ta in mediafranchise op basis fan 'e film, besteande út in tillefyzjesearje en yn 2016 in ferfolchfilm, My Big Fat Greek Wedding 2.