My Big Fat Greek Wedding 2
film út 2016 fan Kirk Jones / From Wikipedia, the free encyclopedia
My Big Fat Greek Wedding 2 is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2016 ûnder rezjy fan Kirk Jones, mei yn 'e haadrollen Nia Vardalos, Michael Constantine, Lainie Kazan, John Corbett en Elena Kampouris. De film is in ferfolch op it tige súksesfolle My Big Fat Greek Wedding út 2002. Yn it ferhaal keart de hiele lûdroftige, bemuoisike, etnysk Grykske famylje fan Toula Portokalos werom. Wylst Toula sels swierrichheden hat om har teenerdochter Paris los te litten, ûntdekt har heit Gus ta syn ûntsteltenis dat syn houlik mei syn frou Maria net jildich is en dat se fyftich jier yn sûnde libbe hawwe. My Big Fat Greek Wedding 2 krige lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy en die it lang sa goed net as de earste film, mar waard dochs in beskieden kommersjeel súkses.
My Big Fat Greek Wedding 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Kirk Jones | |
produsint | Gary Goetzman Tom Hanks Rita Wilson | |
senario | Nia Vardalos | |
kamerarezjy | Jim Denault | |
muzyk | Christopher Lennertz | |
filmstudio | Gold Circle Films HBO Films Playtone | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Nia Vardalos Michael Constantine Lainie Kazan | |
voice-over | Nia Vardalos | |
byrollen | John Corbett Elena Kampouris Andrea Martin Louis Mandylor Gia Carides | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 15 maart 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk (ek wat Gryksk) | |
spyltiid | 94 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $18 miljoen | |
opbringst | $88,9 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | My Big Fat Greek Wedding | |
● foarich diel | My Big Fat Greek Wedding |