Patagoanje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Patagoanje is in gebiet yn Súd-Amearika, fan de Koloradorivier oant de Strjitte fan Maghelaan.
It gebiet leit yn de lannen Sily en Argentynje. Yn Sily binne dat de regio's Los Lagos, Aysen en Magallanes y la Antártica Chilena, yn Argentynje de regio's Neuquen, Rio Negro, Chubut en Santa Cruz. Der binne gjin dúdlike grinzen fêstlein. Neffens guon heart ek Fjoerlân ta Patagoanje, mar dit gebiet ferskilt bot fan de rest fan it gebiet.