Pokahontas
From Wikipedia, the free encyclopedia
Pokahontas (~1595 – 21 maart 1617) wie de dochter fan it stamhaad Wahunsunacawh fan it ryk fan de Pouhattan-Yndianen en oare skatplichtige stammen yn it kontrei om Tidewater (Virginia) hinne (Tenakomakah neamd troch de Pouhattan).[1] Foar har folk wie hja in prinsesse. Har wiere nammen wienen Matoaka (of Matoika) en Amonute;[2]. Pokahontas wie in bynamme út har bernetiid; it betsjut "boartlik, derten famke".
Pokahonta koe net skriuwe; alles wat der fan har witten is fan hearren en sizzen. Har libbensferhaal is wierskynlik tige romantisearre.