Tate-LaBianca-moarden
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Tate-LaBianca-moarden wiene in rige moarden dy't fan 8 oant en mei 10 augustus 1969 yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, útfierd waarden troch leden fan 'e Manson Family, de gewelddiedige binde anneks sekte om searjemoardner Charles Manson hinne. By de Tate-moarden waarden yn 'e nacht fan 8 op 9 augustus yn 'e wyk Hollywood seis minsken ombrocht, ûnder wa de bekende en acht en in heale moanne swiere aktrise Sharon Tate, de frou fan regisseur Roman Polanski. De nachts dêrop waarden yn 'e wyk Los Feliz by de LaBianca-moarden nochris twa minsken deamakke. De dieders waarden mear as in moanne letter min ofte mear by tafal ûntdutsen troch it Los Angeles Police Department en krigen by harren proses allegearre libbenslange finzenisstraf oplein.