Addis Abeba
From Wikipedia, the free encyclopedia
Addis Abeba (Amhaarsk: አዲስ አበባ, foar Nije Blom) is de haadstêd fan Etioopje. De befolking fan de stêd telt 3.059.000 persoanen (2007). De stêd leit op in hichte tusken de 2200 en 3000 meter, oan de foet fan de berch Entoto, en is dêrmei de op twa nei heechste haadstêd fan de wrâld (nei La Paz, de haadstêd fan Bolivia en Kwito, dy fan Ekwador).
Addis Abeba | ||
Polityk | ||
Lân | Etioopje | |
Boargemaster | Kuma Demeksa | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.384.569 (2008) | |
Oerflak | 530.14 km² | |
Befolkingsticht. | 5.165/ km² | |
Stêdekloft | 4.567.857 | |
Hichte | 2355 m | |
Oar | ||
Stifting | 1886 | |
Tiidsône | East Africa Time (UTC+3) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webstee oerheid |
Addis Abeba is in kosmopolityske stêd mei mear as tsientallen etnyske kloften dy't in likegrut oantal talen sprekke. De grutste etnyske kloft binne de Amharen dy't ûngefear de helte fan de stêdsbefolking útmeitsje. Oare grutte kloften binne Oromo (19%), de Gurage (17%) en de Tigrinja (8%).
De stêd beskikt oer in universiteit, Addis Abeba universiteit. It ynternasjonaal fleanfjild Bole International Airport leit tichtby en de stêd hat ek in spoarferbining mei Dzjibûty, al is dizze al bûten gebrûk rekke troch de oarloch mei Eritrea.