Alvestêdetocht
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Alvestêdetocht is in reedriderstocht fan justjes minder as 200 km oer natoeriis by de alve stêden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân lâns. Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak. De tocht wurdt eltse winter, ynsafier't de tastân fan it iis dat talit, maksimaal ien kear organisearre troch de Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. De earste offisjele Alvestêdetocht waard yn 1909 ferriden, hoewol't soks ek foar dy tiid wol op ûnoffisjele wize dien waard. Sûnt 1909 hat de tocht noch mar 15 kear holden wurde kinnen. Omreden fan syn lange ôfstân en syn seldsumens wurdt de Alvestêdetocht ek wol de 'Tocht der Tochten' neamd.
Fluch de feiten
Alvestêdetocht | ||
Rûte fan 'e Alvestêdetocht. | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Fryske alve stêden | |
tiid fan it jier | winter | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | toertocht (reedriden) | |
bestean | fan 1909 ôf | |
oprjochter | Pim Mulier | |
org. troch | Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden | |
offisjele webside | ||
www.elfstedentocht.nl |
Slute