Ljouwert (stêd)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ljouwert útspraak(Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarden; Ljouwertersk: Leewarden of Liwwadden; Aastersk/Skylgersk: Lieuwadden; Amelânsk: Liewa'den; Biltsk: Luwt; Hylpersk: Leauwert; Skiermûntseagersk: Leeuwerts; Stellingwerfsk: Liwwadden of Luwadden; Westerkertiersk: Leeuwerd) is de haadstêd fan Fryslân en ek it haadplak fan de gemeente Ljouwert. De stêd hat 96.190 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS) en is dêrmei de grutste stêd binnen de provinsje. De agglomeraasje hat 151.812 (2020) ynwenners.
Ljouwert (stêd) | |
---|---|
Fan boppe nei ûnderen: Achmeatoer, Sintrum út de loft wei, Kelders mei de Sint-Bonifatiustsjerke, Aldehou en De Waach | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Fryslân |
Gemeente | Ljouwert |
Sifers | |
Ynwennertal | 96.190 (1 jannewaris 2023)[1] |
Oerflak | 84,11 km² |
Befolkingstichtens | 1.114,79 /km² |
Stêdekloft | 151.812 (Agglomeraasje Ljouwert) |
Hichte | 0,2 - 3 m. boppe seenivo [2][3] |
Oar | |
Stifting | Fúzjeferdrach 1435 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 12′ NB, 5° 47′ EL |
Webside | Webstee Ljouwert |
- Dizze side giet oer de stêd Ljouwert. Foar de gemeente, sjoch: Ljouwert (gemeente).
Ljouwert is ûntstien út trije terpen oan de eastlike igge fan de Middelsee, te witten de terpen Aldehou, Nijehou en Hoek. De formele gearfoeging fan de trije terpen krige syn beslach yn in rige Aldfryske oarkonden yn de earste helte fan de 15e iuw. Nei de ein fan de Fryske frijheid ûntjoech Ljouwert him ûnder frjemde hearskers as bestjoersplak fan de lettere provinsje Fryslân.
Op it mêd fan ûnderwiis en wittenskip hat Ljouwert trije hegeskoallen, de kursus- en taalynstelling Afûk, de Fryske Akademy en de Wetsus Akademy (wettertechnology). Ljouwert hat 29.628 hbû en mbû-studinten (stân 2010).[4]
Mei in gerjochtshof en in rjochtbank is Ljouwert foar it rjocht yn de provinsje Fryslân, as ek foar arrondisseminten bûten de provinsje, in plak mei betsjutting. Ljouwert is ien fan de alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. Yn 2018 wie Ljouwert, mei de Malteeske haadstêd Valetta, Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Dat jiers waarden der yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 alderhanne kulturele eveniminten yn Ljouwert organisearre.
Ek is Ljouwert is sûnt 2019 UNESCO City of Literature.