Amerikaanske Militêre Akademy
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Amerikaanske Militêre Akademy (Ingelsk: United States Military Academy, USMA), better bekend as West Point of ek wol as The Point, is in Amerikaanske militêre akademy dy't de fjouwerjierrige ofsiersoplieding foar it Amerikaanske Leger (de lânmacht) fersoarget. De oare Amerikaanske kriichsmachtûnderdielen (marine, loftmacht en marinierskorps) hawwe harren eigen opliedingsynstituten. De Amerikaanske Militêre Akademy stiet op 'e westlike igge fan 'e rivier de Hudson, yn 'e steat New York, likernôch 80 km benoarden de stêd New York. De hiele, yn Normandyske styl út granyt oplutsen sintrale kampus fan 'e Akademy is sûnt 1960 in nasjonaal histoarysk monumint.
Fluch de feiten
Amerikaanske Militêre Akademy United States Military Academy | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | USMA | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | militêre akademy | |
wurkmêd | ofsiersoplieding foar it Am. Leger | |
fêstige yn | West Point (New York) | |
off. taal | Ingelsk | |
oprjochte | 1802 | |
oprjochter | presidint Thomas Jefferson | |
offisjele webside | ||
www.wespoint/edu |
Slute
- Dizze side giet oer West Point, de Amerikaanske Militêre Akademy. Foar oare betsjuttings, sjoch: West Point (betsjuttingsside).