West Point (New York)
From Wikipedia, the free encyclopedia
West Point is in Amerikaanske legerbasis en teffens in doarp (census-designated place) yn Orange County, oan 'e westlike igge fan 'e rivier de Hudson, yn 'e Amerikaanske steat New York. Dat de legerbasis ek as in doarp beskôge wurdt, komt om't de gesinnen fan in grut part fan it militêr personeel yn in wenwyk op it terrein fan 'e basis wenje. Bestjoerlik falt West Point ûnder de gemeente (town) Highlands. It oerflak fan it terrein fan 'e basis, oftewol de himrik fan it doarp, beslacht 6.500 ha, en omfiemet de Amerikaanske Militêre Akademy, dy't yn 'e folksmûle bekend stiet as "West Point" of "The Point". Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 bedroech de befolking fan West Point doe krapoan 6.800 minsken.
Fluch de feiten
West Point | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | New York | |
County | Orange County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.763 (2010) | |
Oerflak | 64,9 km² (ynkl. wetter) 63,0 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 104,2 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1778 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 41°22′N 74°03′W | |
Kaart | ||
De lizzing fan West Point yn Orange County en yn 'e steat New York. |
Slute