![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/95/AnneFrankSchoolPhoto.jpg/640px-AnneFrankSchoolPhoto.jpg&w=640&q=50)
Anne Frank
From Wikipedia, the free encyclopedia
Annelies Marie (Anne) Frank (Frankfurt am Main, 12 juny 1929 – Bergen-Belsen, begjin maart[1] 1945) wie in út Dútslân kommend Joadsk famke dat bekend wurden is troch it deiboek dat se skreau yn de Twadde Wrâldoarloch, doe't se ûnderdûkt siet yn in efterhûs yn Amsterdam. Se stoar oan útputting en/of flektyfus yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. It deiboek is postúm publisearre en letter oersetten yn in soad talen. It boek hat wyls in oplage fan meardere miljoen.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/95/AnneFrankSchoolPhoto.jpg/640px-AnneFrankSchoolPhoto.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/a/a9/Anne_frank_memorial_bergen_belsen.jpg/640px-Anne_frank_memorial_bergen_belsen.jpg)
Anne Frank is opnomd yn de Kanon fan Nederlân fan de kommisje-Van Oostrom as ien fan de fyftich tema's.