Ashmore- en Cartiereilannen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ashmore- en Cartiereilannen (Ingelsk: Ashmore and Cartier Islands) binne in ekstern territoarium fan Austraalje, dat ûnder direkt bestjoer stiet fan it Australyske federale regear. It territoarium bestiet út in pear ûnbewenne eilantsjes, eins suver mear sânbanken, yn 'e Timorsee, healwei tusken Austraalje en Yndoneezje. De eilannen hawwe mei-inoar in oerflak fan krapoan 200 km², de lagunes en omlizzende territoriale wetters ynbegrepen.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Ashmore- en Cartiereilannen Ashmore and Cartier Islands | |
---|---|
flagge | wapen |
Ingelsk: Australia ("Austraalje") De Ashmore- en Cartiereilannen, dy't ûnbewenne binne, fiere de flagge, it wapen en it biedwurd fan Austraalje. | |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Austraalje |
pol. status | ekstern territoarium (sûnt 1978) |
haadstêd | n.f.t. |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | ― (ûnbewenne) |
befolkingstichtens | 0 / km² |
oerflak | 199,4 km² (ynkl. wetter) 259,4 ha (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | n.f.t. |
tiidsône | UTC+8 |
tillefoan | n.f.t. |
ynternetekstinsje | n.f.t. |
webside | n.f.t. |
Slute