Bienfiskeftigen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De bienfiskeftigen (Latynske namme: Osteichthyes) foarmje in boppeklasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata). De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep komt fan it Grykske οστ, ost-, dat "bien" betsjut, en ἰχθύς, ichthys, dat "fisk" betsjut. De bienfiskeftigen, dêr't sa'n 28.000 fiskesoarten ta hearre, is hjoed oan 'e dei de grutste groep wringedieren dy't mar bestiet. De âldst bekende bienfiskeftige fossilen datearje fan 420 miljoen jier lyn. Ut 'e bienfiskeftigen hawwe har letter alle lânwringedieren (wêrûnder sûchdieren) ûntwikkele.
Fluch de feiten
Bienfiskeftigen | ||
In kabeljau (Gadus morhua). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
boppeklasse: | bienfiskeftigen (Osteichthyes) | |
Huxley, 1880 | ||
Slute