Rêchstringdieren
From Wikipedia, the free encyclopedia
De rêchstringdieren, gordadieren of gorda's (Latynske namme: Chordata) foarmje in stamme fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa) en de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata). Ta de rêchstringdieren hearre û.m. de sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en fisken. It binne bisten dêr't it lichem fan bestevige is troch in rêchstring, in stevige mar holle koarde fan senuwweefsel dy't troch de rêch rint.
Rêchstringdieren | ||
It skelet fan in blauwe finfisk, mei dúdlik sichtber de wringe. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
Haeckel, 1874 | ||
Net by alle soarten is it rêchstring oanwêzich yn it folgroeide bist; by gâns soarten hat it embryo al in rêchstring, mar ferdwynt dat letter, of wurdt it ferfongen troch in wringe, wat winliken simpelwei in fierder evoluëarre foarm fan in rêchstring is. Wol hawwe alle soarten in sturt, al kin dy rudimintêr wêze, lykas dat by de minske it gefal is. Der binne rûchwei 67.000 ferskillende soarten rêchstringdieren, wêrfan't likernôch de helte bestiet út bienfiskeftigen (Osteichthyes).