Blêdplanten
From Wikipedia, the free encyclopedia
De blêdplanten (wittenskiplike namme: Euphyllophyta) foarmje in klade (yn 'e regel beneamd as in stamme) dy’t û.m. de fearplanten (Monilophyta) en de ranke planten (Lignophyta) omfiemet. De wichtichste subklade fan 'e blêdplanten wurdt foarme troch de siedplanten (Spermatopsida), dy't ta de ranke planten hearre. De blêdplanten binne de sustergroep fan de wolvepoaten en ruskfearren (Lycophyta) en in pear útstoarne plantegroepen.
Fluch de feiten
blêdplanten | ||
Sinneblom (Helianthus annuus), in typyske fertsjintwurdiger fan de Euphyllophyta mei grutte kompleks nerve blêden | ||
Taksonomy | ||
ryk: | planten (Plantae) | |
rangleas takson: | draaiplanten (Streptophyta) | |
ûnderryk: | lânplanten (Embryophyta) | |
boppestamme: | faskulêre planten (Tracheophyta) | |
stamme: | blêdplanten (Euphyllophyta) | |
Kenrick & Crane, 1997 |
Slute
De Euphyllophyta soene ûntstien wêze yn it Devoan, sawat 420 oant 380 miljoen jier lyn.
De klade is foar it earst beskreaun troch Kenrick en Crane yn 1997. Se wurdt troch guon auteurs de rang fan ûnderstamme takend en wurdt dan ek wol Euphyllophytina genoemd.