Fearplanten
From Wikipedia, the free encyclopedia
De fearplanten (Latynske namme: Monilophyta) foarmje in boppeklasse fan it ryk fan 'e planten (Plantae), it ûnderryk fan 'e lânplanten (Embryophyta), de stamme fan 'e faskulêre planten (Tracheophyta) en it rangleaze takson fan 'e blêdplanten (Euphyllophyta). De fearplanten wurde ek wol fearren of rintfearren neamd (al jout dy lêste namme eins in spesifike groep fearplanten oan). Tsjintwurdich binne se nei alle gedachten better bekend ûnder de hollanistyske oantsjutting farens.
fearplanten | ||
Fearplanten. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | planten (Plantae) | |
(sûnder rang): | draaiplanten (Streptophyta) | |
ûnderryk: | lânplanten (Embryophyta) | |
boppestamme: | faskulêre planten (Tracheophyta) | |
stamme: | blêdplanten (Euphyllophyta) | |
boppeklasse: | fearplanten (Monilophyta) | |
Linnaeus, 1754 |
Yn it Latyn wurde se ek wol de Pteridophyta neamd, mar dat is in âldere term dy't njonken de fearplanten ek noch guon lytsere, fearplanteftige groepen omfiemet, û.m. de ruskfearren (Isoetales) en de wolvepoaten (Lycopodiales), wêrfan't nij genetysk ûndersyk liket út te wizen dat dy net nau besibbe binne mei de fearplanten. Mei't de taksonomyske yndieling fan dizze groep planten noch net alhiel útkristallisearre is, wurde de fearplanten soms as in boppeklasse mar soms ek wol as in klasse beskôge.