![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/dd/Brnelizand10thst.jpg/640px-Brnelizand10thst.jpg&w=640&q=50)
Brownsville (Teksas)
stêd yn Teksas / From Wikipedia, the free encyclopedia
Brownsville is in stêd yn 'e Delling fan de Rio Grande yn 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. It is it haadplak fan Cameron County, en leit yn it uterste súdlike puntsje fan Teksas, oan 'e noardoere fan 'e Rio Grande, rjocht foar it Meksikaanske Matamoros oer, fuortby (mar net oan) de seekust fan 'e Golf fan Meksiko. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Brownsville doe goed 180.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de sechstjinde stêd fan Teksas is. Mei alle foarstêden derby, wêrûnder Harlingen, hie it as stêdekloft neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 in befolking fan sa'n 385.000 minsken. As Matamoros en omkriten dêr ek noch byrekkene wurde, hat de ynternasjonale agglomeraasje dêr't Brownsville ta heart rom 1.135.000 ynwenners.
Brownsville | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 180.097 (2012) | |
Oerflak | 382 km² (ynkl. wetter) 375 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 458,2 / km² | |
Stêdekloft | 385.511 (2010) | |
Hichte | 10 m | |
Oar | ||
Stifting | 1848 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 25°55′49″N 97°29′04″W | |
Offisjele webside | ||
www.cob.us | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Brownsville yn Cameron County en yn 'e steat Teksas. |