Bunde (Dútslân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bunde is in plak en gemeente yn it Eastfryske lânkring Lier yn Nedersaksen. Bunde leit yn it Reiderlân, ien fan de histoaryske goaen fan de lânkring Lier. De gemeente leit oan de Doalert, in bocht yn de Noardsee, en is de iennige gemeente fan it lânkring dat grinzget oan Nederlân.
Bunde (Dútslân) | |
---|---|
Flagge | Wapen |
![]() | |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Dielsteat | ![]() |
Distrikt | ![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 7.714 (31 desimber 2020) |
Oerflak | 121 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 64 / km² |
Hichte | 2 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Webstee Jemgum |
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/51/Bunde_in_LER.svg/640px-Bunde_in_LER.svg.png)
Bunde bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 2001, doe't de fiif eardere doarpsgemeenten dy't lid wiene fan it doetiidske Gemeenteferbân Bunde opgiene yn in nije ienheidsgemeente. Bunde heart by de lytsere gemeenten fan East-Fryslân. Mear as de helte fan de ynwenners wennet yn it haadplak fan de gemeente. Opfallend is it grutte tal Nederlanners dat goed 9% fan de befolking útmakket.
Yn ekonomyske sin is de gemeente benammen ôfhinklik fan de lânbou en toerisme. Sûnt 1998 hat de gemeente de status fan "staatlich anerkannter Erholungsort". Produksjebedriuwen foarmje in tige lyts part fan de ekonomy. De ynwenners fan de gemeente wurkje benammen yn de Kreisstadt Lier. De Nederlânske ynwenners reizgje foar harren wurk meastentiids nei Nederlân.
De wichtichste monuminten fan de gemeente binne de herfoarme Krústsjerke yn it haadplak út de 13 iuw en de stins Bunderhee, ien fan de âldste Eastfryske boargen. Yn de poldergebieten steane útsûnderlik grutte pleatsen.