From Wikipedia, the free encyclopedia
Chloe Dykstra (folút: Chloe Frances Dykstra; Los Angeles, 15 septimber 1988) is in Amerikaansk model en aktrise fan mingd Frysk-Iersk etnysk komôf.
Chloe Dykstra | ||
model | ||
Chloe Dykstra, 2009 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Chloe Frances Dykstra | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 septimber 1988 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Frysk Iersk | |
wurkpaad | ||
jierren aktyf | ±2006 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Dykstra waard yn 1988 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de dochter fan special effects-man en Oscar-winner John Dykstra en dy syn (lettere) frou Cass McCune, dy't ek wurksum is as special effects-technikus.
Hja berikte oarspronklik in beskate bekendheid as cosplay-model, wêrby't se harsels yn kostúms klaaide as fideospultsjepersonaazjes Lara Croft, út Tombraider; Aela the Huntress, út Skyrim; GLaDOS, út Portal en Elizabeth, út Bioshock. Dêrnjonken hat se ek ferskate oare personaazjes neibeard.
Tsjinstwurdich produsearret en presintearret Dykstra de websearje Just Cos foar it YouTube-kanaal fan 'e Nerdist Industries. Teffens spilet se as aktrise mei yn 'e science fiction-rige Heroes of Cosplay. Dêrnjonken wurket se op freelance-basis as sjoernaliste op it mêd fan fideospultsjes foar in stikmannich websiden.
Dykstra hat in relaasje hân mei ynternetstjer Neil Cicierega. Fan 2011 oant 2014 hie se in relaasje mei komyk Chris Hardwick. Dêrnei gie se om mei akteur en muzikant Sam Witwer.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.