Consolidated B-24 Liberator
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Consolidated B-24 Liberator wie in swiere Amerikaanske lange-ôfstans bommenwerper dy't makke waard troch Consolidated Aircraft. Der waarden goed 18.000 B-24's produsearre sadat de B-24 de meast produsearre Amerikaanske gefjochtsfleanmasine fan de Twadde Wrâldkriich is. De B-24 waard, neist hast alle Amerikaanske loftmachtienheden, brûkt troch ferskate alliearde loftmachten en marines, en wie operasjoneel op de fronten fan West-Jeropa, de Pasifyk, it Mediterrane gebiet en Sina-Burma-Yndia.
B-24 Liberator | |
Rol | Swiere bommesmiter |
Makker | Consolidated Aircraft |
Earste flecht | 19 desimber 1939 |
Yn tsjinst | 1941 |
Ut tsjinst | 1968 (Yndiaaske Loftmacht) |
Farianten | Consolidated PB4Y-2 Privateer, Consolidated C-87 Liberator Express, Consolidated Liberator I |
Tal makke | 19.256 fan 1940–1945 |
Grutste brûkers | United States Navy, Royal Australian Air Force, USAAF, RAF |
De B-24 wurdt faak fergelike mei de mear bekende B-17 'Flying Fortress'. It B-24-ûntwerp wie moderner, hy koe hurder en fierder fleane mei in gruttere bommelading; mar,hy wie moeiliker te fleanen en swier yn it betsjinjen en mindere eigenskippen wat formaasjefleanen oanbelange. Yn it generaal hinge de foarkar fan bemanning en legerlieding yn West-Jeropa oer nei de rûch-deeglike B-17.[1] De pleatsing fan branjetanks boppe yn de romp en syn lichte bou, ûntwurpen om it fleanberik te fergrutsjen en him te optimalisearjen foar rinnende-bânproduksje, makke it tastel kwetsber foar skea yn in gefjocht.[2] Fierders wie de B-24 berucht ûnder de Amerikaanske bemanningen út reden dat er sa maklik yn de brân te sjitten wie. Boppedat sieten de Davis-wjukken heech oan de romp fêstmakke wat by in búklâning in neidiel wie om't de romp sa gau briek.[3] Nettsjinsteande dizze neidielen hat de B-24 yn tal fan rollen goed tsjinje kind troch syn grutte fleanberik en hegere rendemint wat bomlading oangiet.
De meast ferneamde misje mei B-24's wie Operation Tidal Wave, in oafal op lege hichte op de oaljefjilden fan Ploesti, yn Roemeenje op 1 augustus 1943, dy't lykwols jammerlik mislearre.