From Wikipedia, the free encyclopedia
Corb!no is de skûlnamme fan Maarten Corbijn (Strijen, 1959, berne as Cornelis Maarten Corbijn van Willenswaard), in Nederlânsk fotograaf.
Corb!no | ||
keunstner | ||
Selsportret Corb!no, 2001 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cornelis Maarten Corbijn van Willenswaard | |
nasjonaliteit | Nederlân | |
berne | 1959 | |
berteplak | Strijen | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Fotograaf, fideofilmmakker, skriuwer | |
perioade | oant no | |
offisjele webside | ||
Corb!no op Instagram NKD-profyl |
Hy is bekend fan syn portretten, dy't ûnder oaren brûkt waarden foar reklamekampanjes, magazine-covers en albumhoezen. Teffens is er filmmakker en skriuwer; hy makke ûnder mear muzykfideo's foar ferneamde Nederlânske artysten lykas Krezip, Rob de Nijs en VanVelzen.
Maarten Corbijn sette út ein mei fotografearjen yn de iere jierren tachtich. Yn it earstoan brûkte er de namme Kooos, en letter Laboratori! Kooos, om lang om let Corb!no te hantearjen. Hy hat yn syn karriêre in protte (ynter)nasjonale ferneamde lju foar syn lins hân, sakeminsken, politisy en oaren.
Yn 2009 krige Corbijn in rubryk yn it tydskrift HP/De Tijd mei de namme CORBINO – Wekelijkse beeldschets; it soene totaal 130 ôfleverings wurde. Hy krige per edysje twa siden ta foldwaan om yn byld en wurd in portret te sketsen. Under oaren Martin Bril, Eddy Posthuma de Boer, Erwin Olaf en Maarten syn broer Anton Corbijn waarden dêr behannele.[1]
Njonken portretfotograaf is Maarten ek makker fan muzykfideo's en reklamefilmkes. Yn de rin fan de jierren hat er fideoklips levere foar BLØF, Skik, My Velma, Lavinia Meijer, Ilse de Lange, Nurlaila Karim, Frédérique Spigt, A Balladeer, Krezip, Rob de Nijs, VanVelzen en Frank Boeijen.
Hy skreau wurk yn HP/De Tijd as ûnderdiel fan syn portretrige en VolZin, wêr't er yn ferhelle oer syn jonkheid as soan fan in dûmny.[2]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.