From Wikipedia, the free encyclopedia
Sir David Lean (Croyden, 25 maart 1908 – Londen, 16 april 1991) wie in Ingelsk filmregisseur, filmprodusint en screenwriter dy ferneamd waard fan epyske spektakelfilms lykas Lawrence of Arabia, The Bridge on the River Kwai en Doctor Zhivago. Syn ferfilmings fan Dickens syn romans Great Expectations (1946) en Oliver twist (1948) wurde heech oanskreaun.
Lean stie bekend as in regisseur dy't tige sekuer wurke en dy't each hie foar details. Dean syn films hawwe fierder as skaaimerk dat de karakters en de ûntjouwing dêrfan in protte omtinken krije. Foar de rezjy fan Lawrence of Arabia en The Bridge on the River Kwai ûntfong er in Oscar.
The Bridge on the River Kwai en Lawrence of Arabia wûnnen elk sân Oscars. Lawrence of Arabia wurdt yn it generaal beskôge as in hichtpunt yn de filmskiednis. Ek Doctor Zhivago krige fiif Oscars.
Lean hat lang yn Limehouse, east Londen wenne. It hûs oan Narrow Street sit noch yn de famylje. Lean hat seis kear troud west en skiede fiif kear; syn lêste frou hat him oerlibbe. Hy hat ien soan en teminsten twa pakesizzers, dêr't er oars folslein fan ferfrjemde wie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.