Despicable Me 2
From Wikipedia, the free encyclopedia
Despicable Me 2, yn Nederlân yn Nederlânsk neisyngronisearre foarm útbrocht as Verschrikkelijke Ikke 2, is in Amerikaanske kompjûteranimearre lange tekenfilm út 2013 yn 'e foarm fan in komeedzje foar bern en folwoeksenen. De film waard regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Steve Carrell en Kristen Wiig. De film is it twadde diel fan 'e Despicable Me-filmsearje, en folget as sadanich op Despicable Me, út 2010. It ferhaal folget de eardere supersmjunt Gru, dy't, om't er no heit is, syn libben bettere hat. As der in laboratoarium stellen wurdt dêr't gefaarlike stoffen ûntwikkele binne, wurdt er troch de Anty-Smjunteliga as ekspêr op it mêd fan smjunten by it ûndersyk belutsen. Despicable Me 2 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar twa Oscars, in Golden Globe en ferskate oare wichtige prizen. In trêde diel út deselde rige, Despicable Me 3, ferskynde yn 2017.
Despicable Me | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Pierre Coffin Chris Renaud | |
produsint | Chris Meledandri Janet Healy | |
senario | Cinco Paul Ken Daurio | |
muzyk | Heitor Pereira Pharrell Williams | |
filmstudio | Illumination | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Steve Carell Kristen Wiig | |
byrollen | Benjamin Bratt Miranda Cosgrove Dana Gaier Elsie Fisher Russell Brand | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 5 juny 2013 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 98 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $76 miljoen | |
opbringst | $970,8 miljoen | |
prizen | 1 × Annie Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Despicable Me | |
● foarich diel | Despicable Me | |
● folgjend diel | Despicable Me 3 |