Despicable Me 3
From Wikipedia, the free encyclopedia
Despicable Me 3, yn Nederlân yn Nederlânsk neisyngronisearre foarm útbrocht as Verschrikkelijke Ikke 3, is in Amerikaanske kompjûteranimearre lange tekenfilm út 2017 yn 'e foarm fan in komeedzje foar bern en folwoeksenen. De film waard regissearre troch Pierre Coffin en Kyle Balda, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Steve Carrell en Kristen Wiig. De film is it trêde diel fan 'e Despicable Me-filmsearje, en folget as sadanich op Despicable Me 2, út 2013. It ferhaal folget de eardere supersmjunt Gru as er ûntslach kriget as geheim agint, om koart dêrnei te ûntdekken dat er in twillingbroer hat, dy't Dru hjit. Dyselde wol dat er him leart om in supersmjunt te wurden, mar Gru wjerstiet de ferlieding om werom te fallen yn âlde gewoanten. Underwilens wurdt Hollywood bedrige troch in wrokjende eardere berne-akteur, wylst de trewantsjes op eigen manneboet de wrâld yn tsjogge. Despicable Me 3 krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar in Saturn Award, trije Annie Awards en ferskate oare wichtige prizen. Anno 2022 is in fjirde diel yn deselde rige yn produksje.
Despicable Me 3 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Pierre Coffin Kyle Balda | |
produsint | Chris Meledandri Janet Healy | |
senario | Cinco Paul Ken Daurio | |
muzyk | Heitor Pereira Pharell Williams | |
filmstudio | Illumination Universal Pictures | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Steve Carell Kristen Wiig | |
byrollen | Trey Parker Miranda Cosgrove Dana Gaier Nev Scharrel Pierre Coffin | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 30 juny 2017 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 90 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $80 miljoen | |
opbringst | $1.034,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Despicable Me | |
● foarich diel | Despicable Me 2 |