Dnipro
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dnipro (Oekraynsk: Дніпро, [ˌdʲnʲipro] Dnipro; eartiids Дніпропетровськ, Dnjipropetrovsk, Екатеринослав, Jekaterinoslav) is mei 1,2 miljoen ynwenners (2002) de tredde stêd fan de Oekraïne. De stêd leit oan de rivier de Dnjepr yn it sintrale eastlik diel fan it lân, besuden fan de haadstêd Kiev.
Fluch de feiten
Dnipro Дніпро | ||
Polityk | ||
Lân | Oekraïne | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.002.950 ↓(2011) | |
Oerflak | 405 km² | |
Befolkingsticht. | 2.486 / km² | |
Hichte | 155 m | |
Oar | ||
Stifting | 1776 | |
Tiidsône | UTC+2 | |
Simmertiid | UTC+3 | |
Offisjele webside | ||
(in) Webside Dnipro |
Slute
De stêd wie yn it ferline in sintraal ûnderdiel fan de Sovjetyndustry, foaral op it mêd fan de nukleêre yndustry, wapens en lange-ôfstânsraketten. De stêd wie doe in sletten stêd.