Elim is in kolonistedoarp yn de gemeente Hoogeveen súdeastlik fan Hoogeveen en Hollânskefjild. It is kearn fan in grut gebiet mei ferspriede bewenning oan in rjochthoekich strjittepatroan. It doarp hat 2481 ynwenners en 886 wenningen (2011).

Fluch de feiten
Elim
Thumb
Polityk
Provinsje Drinte
Oerisel
Gemeente Hoogeveen
Sifers
Ynwennertal2.340 (2020)
Oar
Postkoade7916
Koördinaten52° 41' NB, 6° 35' OL
Offisjele webside
elim-drenthe.com
Slute

Skiednis

Elim wurdt foar it earst neamd yn 1915. De namme is ûntliend oan it Alde Testamint. It is de oaze dêr't de Israeliten taholden nei harren tocht troch de Reade See. Yn it earstoan hjitte de koloanje Dwersgat, dêrnei Hollandsche Veld Zuidoost. De nammeferoaring hat te krijen mei de stichting fan in Herfoarme gemeente yn 1915.

Thumb
Herfoarme PKN-tsjerke

Elim en omkriten is it risseltaat fan in lange ûntginningsoperaasje troch ûnder oare de Bentinck Kompanjy, de Hollânske Kompanjy en de Ritmaster's Kompanjy oan de ein fan de 18e iuw. Op de Frânske kaart (1811-13) steane harren besittings oanjûn. Atlassen út 1851-1900 tsjutte it hiele feangebiet besúdeasten Hoogeveen oant de grins mei Oerisel oan as (It) Hollânske Fjild.
Op de Brink stiet it byld fan de Pullefarder, dy't eartiids de molkbussen fan de boeren alle dagen nei it molkfabryk yn Hoogeveen brocht. Op pulledei, de earste tongersdei fan de moanne, gienen de boeren nei it fabryk om it pullejild op te heljen; dêrnei waarden ynkeapen dien op de feemerk en yn de winkels.

Nijsgjirrich

De skelnamme foar de ynwenners is: Elimiten.

Sport

De pleatslike fuotbalklub is SC Elim, de kuorbalklub hjit KV Elko.

Keppeling om utens


Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.