Eugène Ionesco
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eugène Ionesco, berne as: Eugen Ionescu (útspr.: [e.u'ʤen i.o'nesku]; Slatina (Roemeenje), 26 novimber 1909 – Parys (Frankryk), 28 maart 1994), wie in Roemeensk-Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, essayist, dichter en literatuerkritikus, dy't meast yn 'e Frânske taal skreau. Hoewol't er it bekendst waard mei syn toanielstikken, begûn er pas let mei dat sjenre. Ionesco stiet bekend om syn bespotlik meitsjen fan 'e banaalste sitewaasjes, en wurdt yn 'e Frânske literatuer rekkene ta de streaming fan it Théâtre de l'absurde ("Teäter fan it Absurde").
Fluch de feiten
Eugène Ionesco | ||
skriuwer | ||
Eugène Ionesco yn 1993. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Eugen Ionescu | |
nasjonaliteit | Roemeensk Frânsk | |
berne | 26 novimber 1909 | |
berteplak | Slatina (Roemeenje) | |
stoarn | 28 maart 1994) | |
stjerplak | Parys (Frankryk) | |
etnisiteit | Roemeensk Frânsk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferh., toaniel, essay's, poëzij, non-fiksje, deiboek | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
streaming | absurdisme | |
bekendste wurk(en) | La Cantatrice Chauve ("De Keale Sjongster") | |
jierren aktyf | 1950 – 1994 | |
offisjele webside | ||
www.ionesco.org |
Slute