Fûgels (toanielstik)
toanielstik / From Wikipedia, the free encyclopedia
Fûgels, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ὄρνιθες, Ornithes, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes (±446-±386 f.Kr.). It is in komeedzje dy't fertelt hoe't in pear liddichgongers de fûgels oerhelje om it plak fan 'e goaden yn te nimmen. It is it langste fan 'e alve oerlevere toanielstikken fan Aristofanes en it datearret fan 414 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus en dêrby de twadde priis behelle. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.
Fluch de feiten
Fûgels | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ὄρνιθες | |
auteur | Aristofanes | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 414 f.Kr. | |
1e opfiering | 414 f.Kr., Atene | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Fûgels | |
publikaasje | 199?, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | gjint |
Slute