Fersetskrús
From Wikipedia, the free encyclopedia
It fersetskrús is nei de Militêre Willems-Oarder en de dêrmei ferbûne Earesabel de heechste Nederlânske ûnderskieding, dy’t bedoeld is foar persoanen dy’t yn de Twadde Wrâldkriich harren dwaande hâlden hawwe mei ferset tsjin de Dútske of Japanske besetting. It fersetskrús moat net betize wurde mei it yn 1980 ynstelde fersetsbetinkingkrús.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/9d/VERZETSKRUIS_1945.jpg/150px-VERZETSKRUIS_1945.jpg)
It fersetskrús is op 3 maaie 1946 by Keninklik Beslút ynsteld, soks as erkenning fan bysûndere moed en belied tsjin de fijannen fan de Nederlânske saak en foar behâld fan de geastlike frijheid. De ûnderskieding waard 95 kear ferliend, wêrfan 93 kear postúm, meastal oan Nederlanners, mar ek in inkele kear oan Belgen en Frânsen. De ienichste dy’t it fersetskrús by it libben krige wie Gerard Tieman.