Frouljus-PC
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Frouljus-PC is ien fan de wichtichste keatspartijen foar froulike keatsers. De partij dy't sûnt 1977 hâlden wurdt yn Weidum is neamd nei de PC yn Frjentsjer.
Fluch de feiten
Frouljus-PC | ||||
holden yn | Weidum | |||
sport | Keatsen | |||
organisator | Keatsferiening Nije Kriich | |||
earste edysje | 1977 | |||
|
Slute
Afke Hijlkema fan Akkrum is oant en mei 2010 mei alve keninginneprizen de meast suksesfolle PC-keatster ea. Sy is ek oanfierdster fan it PC-punteklassemint mei 35 punten. Har maat fan eartiids Géjanna Dijkstra-Buma fan Eksmoarre moat it mei 5 punten minder dwaan.
De Frouljus-PC heart mei de Ald-Meiers Partij yn Hitsum, de Jong Famme Partij yn Mantgum en it NK Dames fan it KNKB ta de wedstriden dy't meitelle foar de 'Fjouwer Wimpels' fan it frouljuskeatsen.