Gouden fyk
From Wikipedia, the free encyclopedia
De gouden fyk is de ferdieling fan in linestik yn twa dielen yn in spesjale ferhâlding. By de gouden fyk ferhâldt it grutste fan de beide dielen him ta it lytste, lykas it hiele linestik him ferhâldt ta it grutste. Jouwe wy it grutste diel oan mei a en it lytste diel mei b, dan is de ferhâlding fan beide sa dat a : b = (a+b) : a.
De bedoelde ferhâlding a/b wurdt it goudene getal neamd en oantsjutten mei de Grykske φ (phi); lykas hjirûnder oantoand wurdt, jildt:
Hoewol't de wiskundige eigenskippen fan de gouden fyk al yn de âldheid bestudearre waarden, komt de term "goudene sneed" pas út de jierren 30 fan de 19e iuw.