From Wikipedia, the free encyclopedia
De griiskopspjocht (Picus canus) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae).
griiskopspjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Picus canus | ||||||||||||
Gmelin, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De griiskopspjocht is wat lytser as de griene spjocht en ek maklik dêrmei te betizen. De fûgel is 27 oant 30 sm en hat in grize kop. It mantsje hat wat read op syn kop en it wyfke hielendal net, wylst it dêr by de griene spjocht sawol by it mantsje as it wyfke hielendal read is. De griiskopspjocht roffelet faker as de griene spjocht.
It iten bestiet foar de haadsaak út mychammels en de aaikes dêrfan. De fûgel kin goed tsjin strange winters.
It nêst bestiet út 5 oant 7 aaien en dy't yn 25 oant 27 dagen útbret wurde troch beide âlders. It mantsje wikselet it wyfke likernôch fjouwer kear deis ôf.
De soarte libbet yn in grut part fan Sintraal- en East-Europa en it suden fan Noarwegen en Finlân. Fierder binne der tsien ûndersoarten yn in grut gebiet yn Aazje (Súd-, Midden- en East-Aazje en Yndo-Sina).[1]
Guon fan dy ûndersoarten wurde as eigen soarten beskôge.
It leefgebiet bestiet út âlde mingde- of leafbosken mei in soad dea hout. De fûgel mei graach oer grutte parken en bosken by wetter. Fierder komt de griiskopspjocht yn 'e bergen op gruttere hichte foar as de griene spjocht.
Syn leefgebiet leit net fier fan Nederlân ôf, mar de fûgel is yn ús lân in tige seldsume dwaalgast. It tal waarnimmings sûnt 2000 is op ien hân te tellen.
De griiskopspjocht hat in grut ferspriedingsgebiet en yn Europa is it tal fûgels sûnt 1982 wer tanommen, mar de ynformaasje oer de rest fan syn ferspriedingsgebiet is beheind. De status fan 'e fûgel wurdt as net bedrige kategorisearre.
It totale tal fûgels is fanwegen resinte taksonomyske ôfsplitsings net te rûzen. De Europeeske popelaasje wurdt op 187.000-360.000 peakes rûsd. In rappe rûzing fan 'e wrâldpopelaasje soe op 900.000-1.900.000 folwoeksen fûgels komme.[2]
De grutste konsintraasjes fan de griiskopspjocht binne yn Europeesk Ruslân en Roemeenje te finen. Dútslân telt likernôch 9.000-13.500 pearkes fan 'e griiskopspjocht. Yn Dútslân nimt it oantal ôf en stiet de fûgel op de Reade List.[3]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.