Grogu
From Wikipedia, the free encyclopedia
Grogu, lange tiid inkeld bekend as "it Bern" en troch de fans (mar net troch wurknimmers fan filmstudio Lucasfilm) wol oantsjut as Baby Yoda, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2019 yntrodusearre yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian en kaam letter ek foar yn The Book of Boba Fett. De geastlike heiten fan it personaazje binne tillefyzjeprodusinten Jon Favreau en Dave Filoni. Grogu is in bûtenierdsk wêzen fan itselde, ûnbekende ras as de Jedi-master Yoda. Hoewol't er al fyftich jier libbe hat, is er troch de tige lange libbensdoer fan syn soarte noch mar in jong bern.
Grogu personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bynamme | it Bern | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | bûtenierdsk (ras ûnbekend) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-jongeling | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Din Djarin Boba Fett Fennec Shand | |
geastlike heit | Jon Favreau en Dave Filoni | |
ûntstean | 2019 |
Yn The Mandalorian besykje de restanten fan it boasaardige Galaktysk Keizerryk Grogu yn 'e hannen te krijen, mei't se him fanwegen syn oanberne Krêftgefoeligens brûke wolle foar eksperiminten. Se nimme de Mandaloriaanske preemjejager Din Djarin yn 'e earm om him op te spoaren. As dyselde lykwols foar it ferstân kriget wat syn oprdrachtjouwers fan doel binne, naait er mei Grogu út. Yn The Mandalorian en The Book of Boba Fett wurdt Grogu werjûn troch in marionet, oanfolle mei kompjûtergenerearre special effects. De lûden dy't er produsearret, waarden foar in part ynsprutsen troch David Acord. Mank de fans fan Star Wars kige Grogu in oerweldigjend positive ûntfangst.