Hawaï
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hawaï of mei in sekuerdere stavering Hawaiï (Ingelsk: Hawaii, útspr.: [hə'wa:iji], likernôch "huh-ûaai-jy"; Hawaïaansk: Hawai‘i, útspr.: [hə'vɐjʔi], likernôch "huh-vui-y"), offisjeel de Steat Hawaï (Ingelsk: State of Hawaii; Hawaïaansk: Moku‘āina o Hawai‘i), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Hawaï, byneamd de Aloha State (nei it bekende Hawaïaanske groetwurd), beslacht in fulkanyske eilannegroep (de Hawaï-eilannen), dy't midden yn 'e Stille Oseaan leit, op 3.800 km ôfstân fan it Amerikaanske fêstelân.
Steat Hawaï State of Hawaii (Ingelsk) Moku‘āina o Hawai‘i (Hawaïaansk) | |
---|---|
flagge | wapen |
Ua Mau ke Ea o ka ‘Āina i ka Pono (Hawaïaansk, "It Libben fan it Lân Is Ferivige yn Gerjochtichheid") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | HI |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1959) |
haadstêd | Honolulu |
grutste stêd | Honolulu |
offisjele taal | Ingelsk en Hawaïaansk |
sifers | |
ynwennertal | 1.419.561 (2014) |
befolkingstichtens | 82,6 / km² |
oerflak | 28.311 km² (41,2% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Aloha State |
tiidsône | UTC –10 |
simmertiid | UTC –10 (gjin simmertiid) |
webside | www.hawaii.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Hawaï. Foar oare betsjuttings, sjoch: Hawaï (betsjuttingsside).
De haadstêd fan 'e steat is Honolulu, dat teffens de grutste stêd is. Neffens in skatting út 2014 hie Hawaï doe rom 1,4 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 40e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Hawaï mei rom 88.300 km² de 43e steat. Hawaï is de iennichste Amerikaanske steat dêr't de mearderheid fan 'e befolking fan Aziatysk komôf is. It wie yn 1959 de fyftichste en lêste steat dy't talitten waard ta de Amerikaanske Uny, en it stiet bekend om syn tropyske klimaat en syn natoerskientme. Sadwaande hat Hawaï him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste toeristyske bestimmings fan 'e wrâld.