Hendrik Copijn
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hendrik Copijn (Groenekan, 3 maart 1842 - Utert, 23 desimber 1923) wie in Nederlânsk túnarsjitekt. Hy wie de soan fan Jan Copijn, beamkweker en arsjitekt. Hendrik syn soan Lodewijk Wilhelmus Copijn waard ek túnarsjitekt.
Hendrik gie oan 't wurk by syn heit yn de firma J.Copijn&Soan, nei't er yn 1859 de Technyske Skoalle yn Utert ôfmakke hie. Oant ûngefear 1890 ûntwurp er allinne tunen yn de lette lânskipsstyl.