Utert (stêd)
Nederlânske gemeente / From Wikipedia, the free encyclopedia
Utert[1] (Nederlânsk en offisjeel: Utrecht, yn it pleatslike dialekt: Utreg of Utereg) is in gemeente, de haadstêd fan de provinsje Utert en de fjirde stêd fan Nederlân (361.924 ynwenners op 31 jannewaris 2022, boarne: CBS). Utert is ien fan de stêden fan de Rânestêd. It is de fluchst waaksende stêd fan Nederlân.
Utert Utrecht | |
---|---|
Ofbylden fan it sintrum fan Utert mei de Domtsjerke en -toer | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
koördinaten | 52° 5′ NB, 5° 6′ EL |
boargemaster | Sharon Dijksma (PfdA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Utert |
grutste plak | Utert |
ynwennertal | 361.924 (31 jannewaris 2022) |
befolkingstichtens | 3.857 / km² |
oerflak | 99,21 km² |
● wêrfan lân | 93,83 km² |
● wêrfan wetter | 5,38 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 3 |
ferkearsieren | , , , , |
skiednis | |
oprjochte | 2 juny 1122 |
oar | |
netnûmer | 030 |
postkoade | 3450-3455, 3546 (wyk Vleuten-De Meern), 3500-3585 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.utrecht.nl |
De stêd leit sintraal yn Nederlân op in knooppunt fan dyk, spoar en wetter, dêrtroch fine der in soad beurzen en konferinsjes plak. It Stasjon Utert-Sintraal is it drokste treinstasjon fan Nederlân.
Yn de stêd húsmanje ûnder oaren de grutste universiteit fan Nederlân, it haadkantoar fan de Nederlânske Spoarwegen en de Jierbeurs. Utert is ek it sit fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân en it Aartsbisdom Utert. Ek is de stêd it sit fan de Ald-Katolike Tsjerke.
It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in wichtich histoarysk sintrum, mar ek mei nijmoadrige bouwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Troch de Domtoer, symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de Domstêd neamd.
De gemeente Utert bestiet njonken de stêd Utert ek út de kearnen Haarzuilens, De Meern en Vleuten.