Hertfordshire
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hertfordshire (útspr.: [ˈhɑː(ɹ)tfə(ɹ)dʃɪə(ɹ)], likernôch: "haa(r)t-fu(r)t-sjea(r)", beharkje), ôfkoarte ta Herts, is in seremonieel greefskip fan Ingelân dat deunby de Britske haadstêd Londen yn 'e regio it Easten fan Ingelân leit. It is ien fan 'e saneamde Home Counties ("Thúsgreefskippen"), dy't grinzgje oan Grut-Londen. Neffens in skatting út 2019 hie Hertfordshire doe krapoan 1,2 miljoen ynwenners. It tradisjonele haadplak fan it greefskip is Hertford, mar it grutste plak is no Watford, in foarstêd fan Londen. It gebiet fan it greefskip Hertfordshire falt gear mei dat fan Hertfordshire County Council, in bestjoerlik distrikt mei syn sit yn Hertford. As greefskip wurdt Hertfordshire no inkeld noch as statistyske ienheid en as geografysk referinsjeramt brûkt.
Hertfordshire | ||
emblemen | ||
polityk | ||
soarte gebiet | seremonieel greefskip | |
lân | Feriene Keninkryk | |
lânsdiel | Ingelân | |
regio | Easten fan Ingelân | |
haadplak | Hertford | |
grutste plak | Watford | |
sifers | ||
ynwennertal | 1.184.365 (2019) | |
oerflak | 1.643 km² | |
befolkingstichtens | 720,9 / km² | |
oar | ||
stifting | Iere Midsiuwen | |
tiidsône | UTC | |
simmertiid | UTC +1 | |
koördinaten | 51°49′ N 0°13′ W | |
offisjele webside | ||
www.hertfordshire.gov.uk |