In Fijân fan Minsken
From Wikipedia, the free encyclopedia
In Fijân fan Minsken, yn it oarspronklike Frânsk: Le Misanthrope (folút: Le Misanthrope ou l'Atrabilaire Amoureux; útspr.: /lə misantʁop u latʁabilɛːʁ amuʁø/; "De Minskehater of it Amoereuze Stik Segryn"), is in komeedzje fan 'e hân fan 'e grutte santjinde-iuwske Frânske skriuwer Molière (in pseudonym foar Jean-Baptiste Poquelin, 1622-1673). It toanielstik is in satire dy't it skynhillige hâlden en dragen fan 'e Frânske adel oan 'e kaak steld, mar dêrnjonken ek op earnstiger toan yngiet op 'e karakterflaters dy't alle minsken eigen binne. Hoewol't Le Misanthrope foar Molière gjin kommersjeel súkses wie, hat it fan al syn wurken de iuwen it bêste trochstien en is it hjoed de dei syn meast ferneamde en bewûndere toanielstik. It waard foar it earst opfierd yn it Théâtre du Palais-Royal te Parys, op 4 juny 1666; de Fryske oersetting fan Douwe Kalma is út 1930.
In Fijân fan Minsken | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Le Misanthrope | |
auteur | Molière | |
taal | Frânsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
1e opfiering | 1666, Parys | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | In Fijân fan Minsken | |
publikaasje | 1930, Snits | |
útjouwer | Brandenburgh & Co. | |
oersetter | Douwe Kalma |