Jan Lammers (sprinter)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jan Lammers (Drachten, 30 septimber 1926 - Oerterp, 1 septimber 2011) wie in eardere Fryske atleet, dy't koart nei de Twadde Wrâldoarloch op de sprintnûmers syn grutste súksessen helle. Hy die mei oan de Europeeske kampioenskippen fan 1946 yn Oslo, de Olympyske Spullen fan 1948 yn Londen en wûn op de Europeeske atletykkampioenskippen yn 1950 in brûnzen medalje op de 200 m.
Jan Lammers | ||
sporter | ||
Yn 2008 op de Tollien Schuurman atletykbaan yn Drachten | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 30 septimber 1926 | |
berteplak | Drachten | |
stjerdatum | 1 septimber 2011 | |
stjerplak | Oerterp | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | Sprint | |
trener | John Blankers | |
earste titel | Ned. kampioen 200 m 1948 | |
O.S. | 1948 | |
ekstra | Ned. rekordhâlder 4 x 200 m 1947-1970 | |
wichtige prestaasjes | ||
200 m Europeesk Kampioenskip 1950 |
Lammers melde him yn 1946 oan by atletykferiening AV 1945 yn Drachten. Boppedat waard hy tsjinstplichtich militêr. Fan Definsje krige hy alle meiwurking om it bêste út syn atletykkarriêre te heljen. Al gau waard syn talint opmurken en mocht hy útkomme foar de nasjonale plech.[1] Noch datsaelde jier waard hy útstjoerd nei it EK yn Oslo, wêr't hy meidie oan de 4 x 100 m estafetteploech. Mei Chris van Osta, Jo Zwaan en Gabe Scholten levere hy in goede prestaasje troch yn de finale as fjirde te finishen yn in tiid fan 42,3.