January Jones
From Wikipedia, the free encyclopedia
January Kristen Jones (Sioux Falls, 5 jannewaris 1978) is in Amerikaansk aktrise en model. Sy waard yn 2009 nominearre foar in Golden Globe foar har rol as Betty Draper yn de dramarige Mad Men. Dêrfoar krige hja itselde jier mei de hiele cast in Screen Actors Guild Award.
Jones waard yn Mad Men posityf beoardiele troch de kritisy en de rige krige sa'n 30 prizen dêr't Emmy Awards en Golden Globes by wiene'.
Yn 1999 makke Jones har debút yn de spylfilm All the Rage. Sûnt dat momint wie hja yn noch tsien filmrollen te bewûnderjen. Sa wie se te sjen as Michelle Flaherty's (Alyson Hannigan) suske Cadence dy't elsenien graach hawwe woe, yn American Wedding, as Colin Frissells (Kris Marshall) potinsjele leafde Jeannie yn Love Actually en as Red Dawsons (Matthew Fox) frou Carole yn it op wier barren basearre sportdrama We Are Marshall.
Jones waard #82 op de Maxim (tydskrift) Hjitste Frou fan 2002 list.[1] Hja ferskunde op de omslach fan "The Hot Issue" fan it Britske GQ tiidskrift yn maaie 2009.[2]