Johann Hermann Knoop
From Wikipedia, the free encyclopedia
Johann Hermann Knoop (Kassel, om 1700 - Amsterdam/Ljouwert?, 4 augustus? 1769) wie in hofker en wurdt wol beskôge as de grûnlizzer fan de pomology.
Knoop wie de soan fan de hofker fan Marije Louise fan Hessen-Kassel har heit. Sy helle him út Kassel nei Ljouwert en makke him hofker op Mariënburg, Achter de Hoven yn Ljouwert. (1730 - 1748 ). Hy lei ek de tún fan Stania State yn Oentsjerk nij oan (1745). Hy kweekte yn Fryslân de jirpel (1742). Troch drankmisbrûk ûntslein libbe er fan it lesjaan (wiskunde) en fan it skriuwen fan boeken op it mêd fan túnbou ("Pomologia", "Fructologia" en "Dendrologia").
Teffens publisearre er op it mêd fan wiskunde, astronomy, skiednis fan Fryslân en histoaryske geografy. Hy berekkene sinne- en moannefertsjusteringen en makke sinnewizers, ûnder oare yn Bakkefean (1750). Fierders makke Knoop yn ± 1760 in moaie kaart fan Ljouwert. Dy wurdt bewarre yn it Gemeentlik Argyf fan Ljouwert.