Jubeljier
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Jubeljier of Hillich jier (Italjaansk: Anno Santo; Latyn annus iubilaeus of annus sanctus) is in bysûnder jier dat yn it Kristendom, mar ek yn it Joadendom, fierd wurdt.
It kristlike jubeljier fynt syn oarsprong yn it joadendom. Neffens Levitikus 25:8-55 moat it fyftichste jier in hillich jier wêze, wêryn't kwytskelding ôfkundige wurdt foar hiel it folk Israel. It wurd jubeljier stamt fan it Hebriuwske wurd jobel (יובל), dat oarspronklik ram betsjut. Fan de hoarn fan in ram waard it blaasynstrumint sjofar makke (fakentiden oerset as bazún[1]), dêr't op blaasd waard om in joadsk jubeljier te iepenjen. Yn de latynske 4e-iuwske Fulgata waard it Hebriuwske wurd foar jubeljier oerset as annus iubilæus.
Yn de Roomsk-Katolike Tsjerke kin yn in hillich jier ûnder betingsten in ôflaten fertsjinne wurde. It earste jubeljier waard yn 1300 troch paus Bonifatius VIII ôfkundige. It folgjende jubeljier soe oarspronklik pas nei in iuw folgje, mar it tiidrek waard jimmeroan lytser fêststeld. Fanôf 1475 waard om de 25 jier in hillich jier fierd. Ek tuskentiids kin de paus in jubeljier oankundigje. Sa wiene de jierren 1933 en 1983 ta neitins oan de 1900e en 1950e stjerdei fan Jezus hillige jierren.
It hillich jier begjint hjoed-de-dei mei it iepenjen fan de Porta Santa (hillige doar) troch de paus, in tradysje dy't yn it hillige jier 1500 ûntstie. It jubeljier wurdt ôfsletten mei it fersegeljen fan de hillige doarren; eartiids waard de iepening efter de doarren tichtmitsele. Itselde ritueel fynt plak mei de hillige doarren fan de oare trije patriarchale basiliken yn Rome: de Santa Maria Maggiore, de San Giovanni in Laterano en de San Paolo fuori le Mura.