Keninkryk Hawaï
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Keninkryk Hawaï (Hawaïaansk: Aupuni Mō‘ī o Hawai‘i) wie in ûnôfhinklik keninkryk yn Oseaanje, dat bestie fan 1795 oant 1893. It ûntstie doe't de Hawaï-eilannen feriene waarden ûnder it regear fan kening Kamehameha de Grutte. Neitiid genoat it ynternasjonale erkenning en ûntjoech it him yn 1840 ta in konstitúsjonele monargy. Geandewei de njoggentjinde iuw krige in rike elite fan blanke plantaazje-eigners, dy't almeast fan Amerikaansk komôf wiene, almar mear macht yn Hawaï. Yn 1893 fierden dyselden in steatsgreep tsjin de Hawaïaanske monargy út, wêrby't de lêste regearjende monarch, keninginne Lili‘uokalani, ôfset waard. Fiif jier letter folge de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï. Hjoed de dei is Hawaï in Amerikaanske steat.
Fluch de feiten Keninkryk Hawaï Aupuni Mō‘ī o Hawai‘i, 1795 – 1893 ...
Keninkryk Hawaï Aupuni Mō‘ī o Hawai‘i | |
---|---|
1795 – 1893 | |
flagge | wapen |
(1816-1843) (1843-1896) |
|
Hawaïaansk: Ua Mau ke Ea o ka ‘Āina i ka Pono ("It Libben fan it Lân Wurdt Ferivige yn Gerjochtichheid") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Waikīkī (1795-1796) Hilo (1796-1803) Honolulu (1803-1812) Kailua-Kona (1812-1820) Lāhainā (1820-1845) Honolulu (1845-1893) |
offisjele taal | Hawaïaansk |
steatsfoarm | keninkryk |
ûntstien út | ● Keninkryk Hawaï (eilân) ● Keninkryk Maui en Oähû ● Keninkryk Kauaï |
opgien yn | Prov. Reg. f. Hawaï |
no diel fan | Feriene Steaten |
sifers | |
ynwennertal | 250.000 (1800) 90.000 (1890) |
befolkingstichtens | 8,8 / km² (1800) 3,2 / km² (1890) |
oerflak | 28.315 km² |
bykommende ynformaasje | |
folksliet | n.f.t. |
muntienheid | Hawaïaanske dollar |
tillefoan | n.f.t. |
ISO 3166-koade | n.f.t. |
ynternetekstinsje | n.f.t. |
Slute