Lüchow-Dannenberg
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Landkreis Lüchow-Dannenberg is de meast eastlike lânkring fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. Mei goed 48.000 ynwenners is de lânkring neffens ynwennertal de lytste fan it lân. Ek is de lânkring de tinst befolke lânkring fan de âlde dielsteaten. De lânkring is lid fan de Metropoalregio Hamburch. Haadstêd en it plak mei de measte ynwenners is Lüchow. De op ien nei grutste stêd is Dannenberg.
Landkreis Lüchow-Dannenberg | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Lüchow |
tal gemeenten | 27 |
kenteken | DAN |
Kreisschlüssel | 03 3 54 |
sifers | |
ynwennertal | 48.503 (2020) |
oerflak | 1.220,75 km² |
befolkingstichtens | 176 / km² |
oar | |
stifting | 1932 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 53°1′ N 11°7′ E |
webside | side lânkring Lüchow-Dannenberg |
De lânkring wurdt ek wol it Hannoversches Wendland neamd, fakentiden ek gewoan Wendland. Dy namme is ôflaat fan de Wenden, de eardere slavyske bewenners dy't harren dêr yn de 9e iuw nei wenjen setten en de nammen joegen (dy't fakentiden einigje mei útgong -ow) oan de hjoeddeiske ringdoarpen yn it Wendland.
De lânkring Lüchow-Dannenberg ûntstie op 1 oktober 1932 troch de gearfoeging fan de twa yn 1885 foarme prusyske lânkringen Dannenberg en Lüchow.