La Planète des singes
From Wikipedia, the free encyclopedia
La Planète des singes (útspr.: [la plaˈnɛːt dɛ sʌ̃ʒ], likernôch: "la pla-nêt dè sênzj") is in satiryske roman fan 'e hân fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle, dy't yn 1963 publisearre waard by de útjouwerij Éditions Julliard. De titel betsjut: "De Planeet fan 'e Apen". It boek is bûten Frankryk better bekend ûnder de titel fan 'e Ingelske oersetting dy't yn 'e Feriene Steaten útbrocht waard: Planet of the Apes (wat eins "Planeet fan 'e Minskapen") betsjut (yn it Feriene Keninkryk ferskynde de roman yn in Ingelske oersetting ûnder de titel Monkey Planet). La Planète des singes heart ta it sjenre fan 'e science fiction. De roman ferhellet oer trije minsklike ûntdekkingsreizgers fan 'e Ierde dy't in fiere planeet besykje dêr't se in beskaving fan yntelliginte en pratende minskapen oantreffe. Op dy planeet libje ek minsken, mar dy binne net folle better as bisten en liede in primityf bestean yn 'e wyldernis. It boek einiget mei net ien mar twa ferrassende draaien yn 'e plot. It ferhaal fan La Planète des singes waard wrâldferneamd troch de ferfilming fan 'e roman yn 'e foarm fan 'e Amerikaanske film Planet of the Apes út 1968.
La Planète des singes | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Pierre Boulle | |
taal | Frânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1963, Parys | |
oarspr. útjwr. | Éditions Julliard | |
kodearring | ||
ISBN | oarspr. útjûn sûnder ISBN útjefte 2001: 978-2 26 62 83 021 |